Alkoholslot foar besteande gefallen bliuwt

10 jul 2015 - 10:01

Minsken dy't yn it ferline in alkoholslot krigen hawwe, komme dêr net ûnderút. Sa hat de rjochter besletten yn in koart pleit dat 98 minsken tsjin de steat oanspanden. Dizze minsken wolle dat de regeling fan it alkoholslot foar har komt te ferfallen, om't it alkoholslot tsjintwurdich yn nije gefallen net mear oplein wurde mei. Advokatekantoar Anker & Anker yn Ljouwert set him ek yn foar minsken dy't noch ûnder de âlde regels fan it alkoholslot falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)