Alkoholkontrôles op it wetter

19 jul 2009 - 15:42

De plysje hat sneon alkoholkontrôles holden op it Prinses Margrietkanaal by Grou. 63 stjoerlju waarden kontrolearre en twa fan har krigen in proses-ferbaal omdat se tefolle drank op hiene. 25 boatsjefarders hiene wol dronken, mar blaasden ûnder de tasteane noarm fan 0,8 promille.

Fjouwer skippers krigen in boete foar oare oertredings. Twa foar te hurd farren, ien omdat er gjin registraasje hie en ien omdat der gjin rêdingsfesten oan board wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)