Alkoholkontrôle yn Snitswike

09 aug 2007 - 11:30

De plysje yn Snits hat woansdei in alkoholkontrôle holden by Offenwier yn it ramt fan de Snitswike. Sân automobilisten hiene te folle dronken.

Fierders waard op it starteilân in ynwenner út Wâldsein oanholden foar ferfelend gedrach. De man soarge foar lûdsoerlêst en misledige ferskate plysjes. In man fan 25 út Snits kaam op 'e bon foar it útskelden fan plysjes foar NSB'ers en seis minsken waarden bekeurd foar wyldpisjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)