Alkoholkontrôle yn Ljouwert

28 nov 2010 - 13:09

By in alkoholkontrôle fan sneon op snein op it Stationsplein yn Ljouwert hat de plysje goed 500 minsken blaze litten. Fiif bestjoerders hiene te folle dronken. Sy krigen in proses-ferbaal.

Dêrnjonken waarden noch tsien bekeuringen útskreaun foar ferkearsoertredingen. Bygelyks omdat minsken har rydbewiis net by har hiene, ergens delrieden dêr't dat net mocht of omdat der wat net doogde mei de ferljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)