Alkoholkontrôle yn Fryslân

14 sep 2008 - 13:40

De plysje hat sneontejûn en -nacht wer op ferskate plakken yn de provinsje bestjoerders kontrolearre op it gebrûk fan alkohol. Sa waarden ûnder oare yn Grou en Ychtenbrêge 66 bestjoerders kontrolearre. Der binne seis proses-ferbalen opmakke.

In automobilist út Kollumersweach moast syn rydbewiis ynleverje omdat er foar de fjirde kear trapearre waard op riden mei drank op. In bestjoerder fan De Harkema (19) wie mei syn auto tsjin in tal beammen oanriden yn Feankleaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)