Alkoholkontrôle op Waadsee

08 aug 2006 - 13:52

By in alkoholkontrôle op de Waadsee binne it ôfrûne wykein 82 skippers kontroleard. Gjin ien fan har hie te folle dronken. By de kontrôle testte de wetterplysje ek in nij blaasapparaat. Dy kin frij krekt oanjaan wat it alkoholpromillaazje is fan de kontrolearde persoan.

It tasteane promillaazje op it wetter wurdt aanst ferlege fan 0,8 nei 0,5 promille. It nije digitale apparaat moat de kontrôle makliker meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)