Alkoholkontrôle op it wetter

27 jun 2009 - 12:18
  • De wetterplysje kontrolearret wer

Wettertoeristen kinne fan no ôf wer alle dagen kontrôle ferwachtsje. De plysje strúnt troch de Súdwesthoeke fan de provinsje om te sjen oft minsken mei tefolle drank op yn har boatsje sitte.

It giet om it projekt Simmertafersjoch, dat ek yn de jierren hjirfoar al holden waard. Dêrby sjocht de plysje ek nei jongeren op de beruchte diskoboaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)