Alkoholkontrôle: 35 boetes

09 nov 2003 - 00:00

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in grutte alkoholkontrôle hâlden. Der waard 35 kear in bekeuring útdield.

De kontrôle wie ûnderdiel fan in lanlike aksje. Yn Fryslân wie de plysje op 27 lokaasjes aktyf. Meiïnoar waarden hast 3000 bestjoerders kontrolearre. 42 fan harren moasten mei nei it buro foar in blaastest. Dat smiet 35 bekeurings op. Yn trije gefallen moasten bestjoerders har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)