Alkoholkontrôle: 10 oanhâldings

20 nov 2004 - 15:08

De plysje Fryslân hat yn 'e nacht fan freed op sneon tsien minsken oanhâlden by ferskate alkoholkontrôles. It slimste gefal die him foar yn Ljouwert. In man út Ryptsjerk (64) soe yn in auto sûnder ferljochting it Beursplein fan 'e ferkearde kant oerstekke. Syn rydbewiis waard ynnommen en hy krige en rydferbod fan 13 oeren.

De plysje dielde yn 'e rin fan 'e nacht noch ferskate oere rydferboden út mei in lingte fan 1 oant 9 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)