Alkoholkontrôle by skoalfeest

20 jul 2012 - 18:03

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei fiif jongeren op strjitte mei alkohol oantroffen. It gie hjir om in kontrôle yn gearwurking mei ûnder oaren útgeanssintrum Feu. Doel fan de aksje wie om sicht te krijen op it gebrûk fan alkohol by jeugd jonger as 16 jier.

De fiif jongeren dy't de plysje oantrof binne meinaam nei it plysjeburo foar in petear mei harren âlden en se binne foarljochte oer de gefolgen fan alkohol. Se ha ek noch in bekeuring krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)