Alkoholgebrûk âlderen probleem

30 jul 2008 - 19:34

It alkoholgebrûk fan âlderen soarget foar problemen yn fersoargingshuzen. Hieltyd mear âlderen sykje help foar alkoholproblemen by Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Dat âlderen wolris in slokje tefolle drinke soarget foar gefaarlike sitewaasjes.

Alkohol yn kombinaasje mei medisinen is min foar de sûnens. Mar somtiden is der ek sprake fan oerlêst en aggresje. Fersoargingshuzen besykje dat op te lossen troch mei de âlderen oer de problemen te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)