Alkoholfoarljochting útsteld

05 maaie 2009 - 09:46

De foarljochtingskampanje fan de provinsje oer alkoholmisbrûk rint fertraging op. De kampanje hie no los moatten, mar om't it bedriuw dat it útfiere soe fallyt is sil dat net earder as fan 't simmer wurde.

De provinsje rjochtet him benammen op jongeren ûnder de 16. Dy groep moat ûntmoedige wurde alkohol te drinken. De nije kampanje slút oan by in lanlik inisjatyf om jongeren fan de drank ôf te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)