Alkoholferbod yn Jobbegea

21 des 2010 - 20:01
  • It hertekamp dêr't jongeren drinke en bisten mishannelje

It alkoholferbod yn Jobbegea wurdt fierder útwreide. De oerlêst fan sûpende en drugsbrûkende jongerein rint neffens pleatslik belang út de hân. Earder wie der al in alkoholferbod yn it sintrum, dat jildt no ek foar de sportfjilden, de Derde Wijk en foar in part fan de bosken by Jobbegea.

Op dizze plakken komme groepen jongeren byelkoar om te drinken en drugs te brûken. Gefolch is dat der ek faak saken fernield wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)