Alkoholferbod yn Hearrenfean

16 okt 2009 - 12:23

Op ferskate plakken yn en om It Hearrenfean mei tenei gjin alkohol mear dronken wurde. Dat hat de gemeente besletten. It giet om plakken dy't sjoen wurde as in risiko, lykas it Abe Lenstra-stadion en iisstadion Thialf. Troch it beslút fan de gemeente kin de plysje optrede tsjin minsken dy't alkohol drinke op dy plakken of in iepen blikje of fleske by harren hawwe.

It ferbod jildt net foar de terrassen op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)