"Alkoholferbod: minder omset"

22 okt 2014 - 19:48
  • (foto-ympresje)

Fryske pomphâlders rinne ek omset mis no't se definityf gjin alkohol mear ferkeapje meie. Dat ferbod is in beslissing fan de Ried fan Steat. Dy fynt dat alkoholferkeap en ferkear in ûnwinsklike kombinaasje is.

De belangeferiening foar pomphâlders BETA is bot teloarsteld oer de útspraak. Sy fynt it ûnearlik om't restaurants en supermerken wol gewoan bier en wyn ferkeapje meie. De BETA oerwaget om de saak foar te lizzen oan it Europeesk Hôf. Yn Dútslân en Frankryk bygelyks is it ferkeapjen fan alkohol by pomphâlders wol tastien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)