Alkoholaksje yn Berltsum

04 jun 2006 - 14:59

106 besikers fan de diskoteek oan it Hemmemaplein yn Berltsum hawwe sneontenacht meidien oan in alkoholtest fan TeamAlert. Dy waard hâlden yn it ramt fan de saneamde BobNight. 4 autobestjoerders hiene tefolle dronken, de oaren krigen in beleaningspakket. Dêr sit ûnder oare in luchtferfrisser yn en wat promoasjeartikelen.

De BobNight yn Berltsum sette útein mei it oplitten fan in Bobballon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)