Alkohol makket mear slachtoffers

24 nov 2006 - 11:11

It tal jongeren dat mei in alkoholfergiftiging binnen komt by sikehûs MCL yn Ljouwert driget op 'e nij eksplosyf te groeien. Yn 2004 wiene der noch seis gefallen, yn 2005 17 en dit jier binne der oant en mei july al 14 gefallen teld. Dat seit Marcel Seuninga fan Verslavingszorg Noord-Nederland.

Yn desimber komt de Verslavingszorg mei in nije lanlike kampanje oer alkohol en it grutbrengen fan bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)