Ali Fraser nije spiler foar Aris Ljouwert

22 okt 2015 - 09:58
  • Ali Fraser

Basketbalclub Aris kriget per direkt fersterking fan de 23-jierrige Britske basketballer Ali Fraser. De 'powerforward' komt oer fan it Spaanske Tarragona, dêr't hy mar twa wedstriden spile. Ali Fraser stie dizze simmer al heech op de scoutinglist fan Aris-trainer Michael Schuurs. Fraser komt tongersdei nei Nederlân ta en sil him freed oanslute by it team.

Sneon makket er syn debút yn de thúswedstryd tsjin Amsterdam. Fraser spile ûnder oaren foar de University fan Maine en it Dútske Gotha. Foarich seizoen kaam hy út foar Glasgow Rocks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)