Algrawei ticht om wurk Heak

10 maaie 2014 - 10:01

Ien fan de drokste diken om Ljouwert hinne, de Hendrik Algrawei, is dit wykein ôfsletten foar alle ferkear. Dêr wurdt wurke oan de oansluting fan de besteande rûte op de nije westlike ynfalswei. It ferkear wurdt omlaat oer de ring fan Ljouwert.

De ôfsluting duorret oant moandeitemoarn, mar ek dêrnei bliuwt in part fan de Hendrik Algrawei ôfsletten. Ferkear rjochting Boalsert en Harns moat dan omride oer de Newtonlaan en in part fan de nije westlike ynfalswei. It wurk fan dit wykein heart by de oanlis fan de heak om Ljouwert.

Dy moat ein dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)