Algra wol stipe fan FNP-kiezers

15 aug 2006 - 21:59

De stipe fan FNP-kiezers moat derfoar soargje dat Rendert Algra fan Jobbegea dochs wer foar it CDA yn de Twadde Keamer komt. Op dit stuit stiet Algra op in ûnferkiesber 52ste plak fan 'e konsept-kieslist fan it CDA.

Rendert Algra wol no besykje om mei in eigen kampanje foarkarstimmen te winnen. Hy wol njonken CDA'ers ek FNP'ers oerhelje om op him te stimmen. Algra hat oer syn oprop noch gjin kontakt hân mei it FNP-bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)