Algra sjoernaliste-skaakkampioen

14 jan 2003 - 00:00

Yn Wijk aan Zee is Omrop Fryslân-sjoernalist Jouke Algra op 'e nij sjoernaliste-skaakkampioen fan Nederlân wurden. Algra wie mei 5,5 punt út 6 wedstriden dúdlik de sterkste fan it dielnimmersfjild fan 29 skakende sjoernalisten. Yn 'e lêste ronde wist Algra mei in Sisiliaanske ferdigening de oanfal fan syn konkurrint Kees Vreeken ôf te slaan.

It is de twadde kear dat Jouke Algra de skaaktitel wint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)