Algra set him yn foar asylsikers

05 maaie 2005 - 15:15

It Fryske CDA-twadde keamerlid Rendert Algra sil him ynsette foar asylsikers yn skrinende situaasjes. Dat hat er woansdei tasein by syn besite oan de needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum. It giet om twa famyljes út Servië en Somalië.

De besite fan Algra wie omstriden, fanwege syn negative útspraken oer de needopfang. Hy soe sein ha dat asylsikers bern krije om in ferbliuwsfergunning te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)