Algra sakke op CDA-kandidatelist

01 okt 2006 - 12:31

CDA-Twadde Keamerlid Rendert Algra is nei ûnderen sakke op de kandidatelist foar de ferkiezings yn novimber. Algra stie op it 51e plak, mar is sneon trije plakken sakke.

Op it CDA-ferkiezingskongres binne benammen troch de Limburchske ôfdielings aksjes hâlden om trije oare kandidaten op in heger plak te krijen. Dizze aksjes binne slagge. Algra sil de kommende tiid mei in eigen kampanje besykje yn de Keamer te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)