Algra opfolger Brouwer

30 nov 2012 - 10:05
  • Rendert Algra

Foarsitter Mark Brouwer fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten leit syn funksje begjin maart del. Hy kin it wurk foar de BFVW net mear kombinearje mei syn wurk as ûndernimmer. Brouwer wie sûnt 2011 foarsitter.

It bûn hat al in opfolger fûn, yn de persoan fan Rendert Algra fan Jobbegea. Hy wurdt op de algemiene ledegearkomste fan maart offisjeel foardroegen as nije foarsitter. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)