Algra nije foarsitter De Unie

20 maaie 2010 - 16:08
  • Foto: Omrop Fryslân

Rendert Algra wurdt de nije foarsitter fan fakbûn De Unie. Dat is tongersdeitemiddei bekend wurden. Hy folget Noëlle Haitsma op dy't yn jannewaris by it fakbûn weigie. Algra sit sûnt 1 septimber ferline jier foar de twadde kear yn 'e Twadde Keamer. Nei de ferkiezings sil er net weromkomme.

Algra hie earder ferskate funksjes by it fakbûn CNV. De Unie hat 80.000 leden. It is in fakbûn foar de tsjinstferlienende sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)