Algra: it aaisykjen giet troch

14 feb 2014 - 11:48
  • Ljipaai
  • It liket wol maitiid, mar der binne noch gjin ljippen yn it lân

It ljipaaisykjen sil net ferdwine, ek al komt de fûgelwacht Grou mei it plan om gjin aaien mear mei te nimmen. Dat seit foarsitter Rendert Algra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Neffens Algra is it goed dat Grou de diskusje oangiet, mar de BFVW-foarsitter is it net mei se iens.

It bestjoer fan de Grouster ôfdieling seit dat it sa min giet mei de ljip dat it better is om de aaien tenei lizze te litten. Algra stiet hjir oars yn. Algra tinkt net dat der binnen it BFVW in soad stipe wêze sil foar it foarstel fan de fûgelwacht fan Grou.

Harm Niessen fan de Faunabeskerming is wiis mei it foarstel fan de fûgelwacht fan Grou. Neffens Niessen hat de BFVW wol mear leden dy't der sa oer tinke as de ôfdieling Grou. Hy is foaral bliid mei it foarstel omdat de lêste jierren it tal ljippen weromrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)