Algra ferkeapet 60 keunstkij

03 mrt 2008 - 12:45

De keunstkij fan Simmer 2000 krije wer in nij libben. Televyzjeprogramma 'Ik hou van Holland' fan RTL4, dat fan sneon ôf presintearre wurdt troch Linda de Mol, hat 60 keunstkij besteld by it bedriuw CNAL fan Tsjom.

De kij sille it dekor foarmje fan it nije tv-programma fan RTL 4. De kij wurde tiisdei oan de omrop levere. CNAL-direkteur Rendert Algra neamt it 'in leuke hobby'. De keunstkij kostje sa'n 850 euro it stik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)