Algra (CDA) ferlit de steaten

19 aug 2009 - 13:44

CDA'er Rendert Algra sil syn Twadde Keamerlidmaatskip dochs net kombinearje mei dat fan de Provinsjale Steaten. Nei oerlis mei ferskate minsken hat Algra besletten te kiezen foar it lanlike wurk.

Yn de Twadde Keamerfraksje fan it CDA krijt de Jobbegeaster de portefeuilles toerisme en ICT. Fral dy earste seit Algra wichtich te finen, ek omdat it in foar Fryslân belangrike ekonomyske sektor is. Rendert Algra is fan ien septimber ôf lid fan de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)