Algra beëdige yn it Frysk

01 sep 2009 - 16:42
  • Rendert Algra wer yn Twadde Keamer

Yn Den Haach is tiisdei Rendert Algra offisjeel beëdige as lid fan de Twadde Keamer. De CDA'er út Jobbegea siet fan 2002 oant 2006 ek al yn de Keamer. Algra lei de eed ôf yn it Frysk. Dat hie er al oankundige.

In ferrassing wie it wolkom dat Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet dêrnei oan him rjochte. Dat wie ek yn it Frysk. Algra siet de lêste twa jier yn Provinsjale Steaten. Yn de Keamer wurdt er ûnder oaren in wurdfierder foar toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)