Algehiele heistop Taconishof

26 nov 2012 - 20:52
  • Accolade

Yn oerlis mei de gemeente Hearrenfean is moandeitemiddei troch wenningkorporaasje Accolade fan It Hearrenfean besletten om mei it heien op it Taconishof op te hâlden. Dat nei oanlieding fan mjittings yn ferbân mei trillings dy't te heech wiene. Omwenners binne yn in brief op de hichte brocht.

Der wurdt ûndersyk dien nei alternativen foar it heiwurk. In bewenner lit witte dat de skea oan syn hûs al oprûn is ta tsientûzen euro. Oan de Taconishof binne 75 wenningen sloopt en wurde troch Accolade 59 nije huzen boud.

Moandei of tiisdei wurdt ek noch in útspraak ferwachte yn in koart pleit dat oanspand is troch omwenners yn ferbân mei de heiwurksumheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)