Alfons Arts slagge foar coach

12 maaie 2009 - 16:29

Alfons Arts is slagge foar de kursus Coach Betaald Voetbal. De 43-jierrige Arts begûn in jier lyn mei de oplieding. It diploma Coach Betaald Voetbal jout it foech om yn it betelle fuotbal as haadtrainer oan 'e slach te gean.

Arts is op it stuit assistint-trainer by SC Cambuur. Syn kontrakt by Cambuur waard begjin dit jier ferlinge oant healwei 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)