Alfons Arts kritysk op KNVB

09 feb 2012 - 13:45

Cambuurtrainer Alfons Arts fynt dat de KNVB it folsleine programma yn de Jupiler League skrasse moat. Fan de seis wedstriden op freed binne al fiif ôfsein fanwege it winterwaar. Allinnich de wedstriid Almere City-Cambuur giet foarearst wol troch. 'Voor supporters is het niet prettig en bovendien voorkom je competitievervalsing', sa seit Arts.

Boppedat is de trainer ek min te sprekken oer de gemeente Ljouwert. Dy wol de keunstgersfjilden yn de stêd net sniefrij meitsje. Dêrtroch moast de Cambuurseleksje útwike nei Tsjalbert foar de trainings.

Der is noch in kâns dat de wedstriid Almere City-Cambuur ek noch ôflast wurdt. Freedtemoarn om 09.00 oere wurdt it keunstgersfjild yn Almere keurd. Der leit no noch in laach snie op, mar dat wurdt der moarnier foar de keuring ôfhelle.

Cambuur kin yn de wedstriid tsjin Almere City net beskikke oer Mark de Vries, Erik Bakker, Bob Schepers, Oguzhan Türk, Marco Bizot en Lucas Bijker. Sy binne allegear blessearre. Mohamed El Makrini is skorst.

Ferdediger Dennis van der Wal, dy't yn jannewaris op amateurbasis by Cambuur kaam, hat keazen foar in aventoer yn Tailân en komt net werom yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)