Alfêst Feteranedei yn It Bilt

22 jun 2006 - 08:02

Yn Den Haach is takom wike tongersdei in 'feteranedei'. It is in earbetoan oan ôfswaaide militêren. Yn Nederlân binne dat sawat 200.000. It giet om soldaten dy't tsjinne ha yn de Twadde Wrâldoarloch en Yndië, mar ek yn Libanon en Joegoslavië.

De gemeente It Bilt rûn alfêst foarút op it nasjonale evenemint en sette de eigen âld-striders woansdei yn it sintsje. It Bilt neamt it in súkses. Der wie dúdlik ferlet fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)