Alex en Máxima nei Fryslân

10 apr 2001 - 00:00

Willem Alexander en Máxima komme nei de simmerfakânsje op wurkbesite yn Fryslân. Boargemaster Van Maaren fan Ljouwert hat dat moandei bekendmakke op it ôfskie fan wethâlder Den Oudsten. Hy wurdt boargemaster fan Meppel.

It keninklik pear sil nei de ûntfangst troch B en W fan Ljouwert in moeting hawwe mei fertsjinwurdigers fan polityk, kultuer en bedriuwslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)