Ale de Boer nei ONS Snits

01 mrt 2011 - 12:17

Ale de Boer ferlit topklasser Harkemase Boys. De 23-jierrige ferdigener spilet de kommende twa seizoenen foar it Snitser ONS dat útkomt yn de sneonshaadklasse C.

Moandei hat De Boer praat mei in delegaasje fan de Snitsers en binne se ta in akkoart kaam, ek al hie er oerienstimming mei Harkemase Boys dat er bliuwe soe. By ONS komt De Boer ûnder oare âld-Cambuur spilers lykas Sandor van der Heide, Ale Geert de Vries en Chris de Wagt tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)