Aldwâldsters lilk op gemeente

31 maaie 2004 - 00:00

In groep ynwenners fan Aldwâld komt yn opstân tsjin de bou fan it nije doarpshûs. De gemeente Kollumerlân wol dat it nije doarpshûs by de kristlike basisskoalle komt. De ynwenners fan Aldwâld ha lykwols earder yn in enkête oanjûn dat se in foarkar ha foar lokaasje 'De Prunus'.

Dat is it gebiet tusken it doarp en de Pastorij. It stekt de Aldwâldsters dat se net op de hichte hâlden wurde oer de plannen mei it nije doarpshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)