Aldste tsjerke-oerwurk fan Rodenburg stiet yn Offenwier

13 jul 2015 - 20:56

It âldste tsjerke-oerwurk fan Simon Rodenburg út Snits stiet yn de Sint Nicolaastsjerke yn Offenwier. Dat docht bliken út ûndersyk. Rodenburg libbe fan 1816 oant 1890. For safier bekend stean der noch in stik of tsien oerwurken fan him yn Fryske tsjerken. Dat fan Offenwier datearret út 1862. It wurke noch wol, mar it is yn 2005 ferfongen troch in nij systeem, sadat de koster net mear alle dagen de ljedder op hoecht om de gewichten op te takeljen.

De Stichting tot Behoud van Torenuurwerken wie net op de hichte fan it bestean fan it oerwurk en sil it oerwurk fierder ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)