Aldste skoalle yn Aldwâld?

17 feb 2004 - 00:00

De Heemstraskoalle yn Aldwâld is nei alle gedachten de âldste basisskoalle fan Nederlân. It gebou is fan 1775 en dat is foar Fryslân hiel âld. De skoalle is oprjochte troch de grytman fan Kollumerlân en Nieuwkruisland.

Bysûnder oan de iepenbiere skoalle is dat er 229 jier op itselde plak stien hat. En dat is yn it sicht fan de tsjerke. Yn 1986 is it skoalgebou foar it lêst opknapt. Dit jier sitte der 34 bern op de skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)