Aldste redens yn Hylpen te sjen

21 nov 2001 - 00:00

It reedridersmuseum yn Hylpen hat woansdei de âldste redens dy't yn Nederlân fûn binne yn har kolleksje krigen. De redens komme út 1225 en binne yn de santiger jierren fan de foarige ieu yn Dordrecht oantroffen.

Der binne noch mear redens út de 13e ieu te sjen. Dat hat te krijen mei de presintaasje fan in boek fan Wiebe Blauw 'Van Glis tot Klapschaats.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)