Aldste kast yn Frjentsjer?

07 okt 2003 - 00:00

Museum it Coopmanshûs yn Frjentsjer hat mooglik de âldste kast fan Nederlân yn 'e kolleksje. It museum hat de kast yn brûklien fan it Klaarkampster Weeshûs dat ek yn Frjentsjer is.

Yn de kast stiet it jiertal 1550 gravearre. Dat soe betsjutte dat de kast âlder is as de âldst bekende kast. Dy stiet yn it Rijksmuseum yn Amsterdam en is fan 1607. It meubelstik wurdt fierder wittenskiplik ûndersocht. De kast wurdt op dit stuit restaurearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)