Aldste Friezinne op de kofje

26 apr 2010 - 11:08
  • Frou Draaisma (108) op de kofje by boargemaster Crone

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hie moandei in bysûndere gast op de kofje. De âldste ynwenner fan Fryslân en fan Ljouwert kaam by him op besite op it gemeentehûs. Frou Geertruide Draaisma is op 25 april 108 jier wurden. Sy waard berne yn 1902 yn Makkum. Se is ek de op ien nei âldste ynwenner fan Nederlân.

Frou Draaisma wennet sûnt 15 jier yn wyksoarchsintrum de Hofwijck. Dêrfoar wenne se yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)