Aldste Friezinne is 106 jier

21 maaie 2003 - 00:00

Frou Velstra-Bloemhof fan Aldtsjerk is woansdei 106 jier wurden. Dêrmei is se de âldste ynwenner fan Fryslân. Se hat fiif beppesizzers, alve oerbeppesizzers en sân oer-oerbeppesizzers. Al komt se net mear bûten, se is goed by de tiid. Se wennet op harsels, al mear as tachtich jier yn itselde hûs.

Frou Velstra is yn 1897 berne en hat dus twa kear in ieuwiksel belibbe. Se ferlear twa fan har trije bern, har man, in skoansoan en in skoandochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)