Aldste bewenning Ljouwert fûn

15 feb 2006 - 06:15

Argeologen hawwe by de Aldehou de âldste bewenning fan Ljouwert ûntdutsen. It is in buorkerij fan 30 meter lang op in terp dy't in bytsje grutter is.

De pleats soe út de Romeinske tiid stamme, sawat 200 nei kristus. Fee en minsken libben doe ûnder ien dak. Njonken diggelguod is der ek in bysûndere fibula fûn, in spjelde dêr't in mantel mei sluten waard. By de Aldehou wurdt in parkeargaraazje boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)