Aldste betondyk ferdwynt

01 sep 2003 - 00:00

Nei tachtich jier is der moandei in ein kommen oan de betonwei lâns De Harkema. De âldste en ien fan de lêste betondiken fan Fryslân wurdt ferfongen troch asfalt.

De betondyk wie sa min dat er net langer mei koe. It âlde beton sil nij alle gedachten wol wer brûkt wurde yn de nije dyk, mar dan foar de fundearing. De nije dyk is yn maaie klear. Oant dy tiid kin it ferkear oerlêst hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)