Aldjiersstunts yn de provinsje

02 jan 2006 - 10:07

De Nuna-3 dy't yn 2005 yn Austraalje in race op sinne-enerzjy wûn hat, stiet no te pronk op de Folgeren yn Drachten. De sinne-auto stiet op it terrein dêr't earder partysintrum Vreewijk stie. De Nuna is al foar de kryst by de Technyske Universiteit Delft fuorthelle.

Yn Suwâld hat âldjiersploech It Pypke in fúzje oankundige tusken Cambuur en SC Hearrenfean. De âldjiersploech wol de nije klub plak jaan op it 'Cambuur Café Fean Plaza' op Sportpark Suwâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)