Aldjiersstunt mislearret

29 des 2011 - 11:32

It sit de âldjierploegen dit jier net mei. Earder waard it plan om it provinsjeskild fan it nije provinsjehûs mei te nimmen troch de plysje ûntdekt. Woansdei gong in stunt yn Feanwâlden net troch omdat de plysje op 'e tiid yngripe koe. Tsjûgen seagen dat in tal jongeren strjitnammebuorden oan it pikken wiene. Op de Eslawâld koe de plysje in 22-jierrige ynwenner fan Feanwâlden pakke. Hy hie sân buorden by him. Hy ferklearre dat er dwaande wie mei in âldjiersstunt.

Mei de man is ôfpraat dat er sels de buorden werombringt by de gemeente en de kosten foar de reparaasje betellet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)