Aldjiersnacht wie 'behearsber'

01 jan 2011 - 11:01

De Fryske helptsjinsten, brânwacht en plysje sprekke fan in 'behearsbere' jierwiksel. De brânwacht rukte 70 kear út. Yn de measte gefallen gie it om lytse brantsjes, lykas om brânbulten op strjitte, mar yn Allingawier en Mullum wiene twa grutte brannen.

Mei-inoar kamen by de plysje 210 meldings binne. De plysje sette 300 minsken yn, de brânwacht 200 en de ambulânsetsjinst 40. By de Fryske sikehuzen en dokterswacht melden harren sa'n 59 fjoerwurkslachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)