Aldjiersfeest Warkum hâldt op

09 jan 2013 - 11:40

Kultureel sintrum De Klameare yn Warkum hâldt nei tsien jier op mei it tradisjonele âldjiersfeest. De gemeente Nijefurd hie it feest oarspronklik opset om foar te kommen dat de jongerein nachts troch Warkum strune soene. De behearder hat har nocht fan de fernielings op de lêste jierwiksel. Doe binne húskes troch fjoerwurk fernield en scohten jongeren rúzje mei oare besikers. De Klameare wol tenei in besletten âldjiersfeest op útnoeging organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)