Aldjiersfeest mei befeiliging

12 des 2006 - 12:08

De gemeente Opsterlân sil profesionele befeiliging ynskeakelje by it Aldjiersfeest op 'e Gordyk. Oant no ta diene frijwilligers dat wurk. Mar yn ferbân mei in grutte fjochtpartij op de Gordykster Merke fan ein oktober wolle in soad frijwilligs net mear.

It Aldjiersfeest op de Gordyk wurdt dit jier foar de santjinde kear hâlden. De gemeente wol no mei in subsydzje fan 3000 euro befeiliging ynhiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)