Aldjier kamera's yn Dokkum?

14 nov 2008 - 09:45

Boargemaster en wethâlders yn Dongeradiel wol de mooglikheden besjen om mei âld en nij kamera's yn te setten. It kolleezje sil de gemeenteried yn desimber freegje om de plysjeferoardering dêrop oan te passen.

It is neffens waarnimmend boargemaster Ton Baas net de bedoeling om oeral yn Dongeradiel kamera's te pleatsen, mar se kinne as helpmiddel tsjinje foar helpferlieners. Dat yn ferbân mei in tanimmend geweld tsjin dizze minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)